Gaseksploazjeflat Drachten wurdt alhiel sloopt en opnij boud

De flat yn Drachten dy't ein ferline jier troch in gaseksploazje fernield waard, wurdt opnij wer opboud. Dat hat wenningkoöperaasje Accolade besletten. Troch de eksploazje stoarten tolve apparteminten yn en rekken seis oaren ûnbewenber. De rest fan it gebou bleau stean. Dat wurdt no dochs sloopt en dêr komt in gebou mei ien- en twapersoans apparteminten foar yn 't plak.
De bou moat takom jier begjinne, sa is it doel. Eardere bewenners krije foarrang by it tawizen fan de apparteminten.