Kajaktocht foar goed doel

Brânwachtman Bert Kesimaat út Ljouwert is tiisdei yn Maastricht begûn oan in besûndere prestaasje. Hy wol mei syn kajak fan Limburch nei Fryslân ta farre. Dat is in ôfstân fan 400 kilometer. Dêrby moat er ûnder oare oer de grutte rivieren en oer de Iselmar.
Kesimaat fart de tocht om jild yn te sammeljen foar ûndersyk nei in seldsume enerzjy-stofwikselingssykte. Dy sykte is konstatearre by syn omkesizzer fan 2,5 jier âld.