Aldste Fries wurdt 106 jier en wennet noch op himsels

Eelke Bakker wurdt tongersdei 106 jier. Bakker is al trije jier de âldste manlike ynwenner fan Fryslân. Hy is berne op It Amelân en wennet noch altyd op himsels yn Dokkum. Hy is ek noch altyd warber yn de tún, al docht er it wol wat rêstiger oan. Neffens Bakker kriget er in soad enerzjy fan al syn pakesizzers. Dy hâlde him, nei eigen sizzen, jong.
Takom snein fiert Bakker syn jierdei mei in grut túnfeest, dêr't de hiele famylje by oanwêzich is.