Skippersportret: Johannes Hzn. Meeter

Alve dagen, fjirtjin skûtsjes. Mei it SKS skûtsjesilen stride fjirtjin skûtsjeskippers twa wiken lang tsjin inoar op de Fryske marren. Mar oer wa hawwe wy it dan eins en hoe pakke sy de silerij oan? Wy lizze alle skûtsjeskippers in pear fragen foar. Hjoed is it wurd oan Johannes Hzn. Meeter.
Ofrûne jier stapte hy oer nei it skûtsje fan Huzum, en dus begjint hy no op syn tredde skûtsje as skipper. Skûtsjeskipper is hy sûnt 2009, wêrfan de earste jierren op it Lemster Skûtsje, yn 2014 kaam hy by Langwar oan it helmhout te stean en sûnt dit seizoen dus by Huzum. Yn it deistich libben is Johannes binnenfeartskipper en dus is hy thús op it wetter. Wy lizze him fjouwer fragen foar.
Wat wie dyn earste taak op it skûtsje?
“Myn earste taak wie lykas in hiel soad minsken, in koarte perioade yn de roef. Mar nei twa wedstriden mocht ik al moai neist de skipper sitte.”
Hokker wedstriid is dy it measte bybleaun?
“Dat binne der eins trije. In kear mei Ljouwert by Terherne, doe sylden wy yn de tichte mist. Ek moai wie myn earste plak mei De Lemmer yn de baai fan De Lemmer. Mar mei myn alderearste wedstriid mei Langwar sylden wy gelyk nei it earste plak op it wetter by Grou. Dat wie wier in wedstriid neffens it boekje.”
Hoe makkest fan de bemanning in team?
“Probearje dúdlik te meitsjen dat elkenien krekt sa belangryk is as in oar oan board. Dus wolle wy dat elkenien nei inoar lústert en dat net ien bûten de groep falt. Dus foaral in soad sile sûnder dat der op inoar foetere wurdt as der wol wat fout giet. Dêrneist kreëarje je ek in goed team troch mear mei-inoar te dwaan as allinnich te silen.”
Wat is dyn favorite fakânsjebestimming?
“Oant no ta de Middellânske See en dan it Frânske gedielte rjochting Monako. In soad snorkelje en stokbôle ite. En dan nei de tiid lekker yn de sinne mei in fleske Kronenburg bier.”
Sjoch foar alle skippersportretten yn ús dossier. Alles oer it skûtsjesilen is te folgjen op Omropfryslan.nl/skûtsjesilen.