Cao-aksjes yn de suvel

01 maaie 2012 - 12:11

Der komme dizze wike manifestaasjes by suvelfabriken. De fakbûnen en de wurkjouwers yn de suvelyndustry kinne it net iens wurde oer in nije cao. Se binne al fan febrewaris ôf oan it ûnderhannelje, mar der leit noch gjin bod dêr't it fakbûn tefreden mei is.

Der wurkje sawat twatûzen Friezen yn de suvelyndustry. Tongersdei is by Friesland Campina yn Beilen in manifestaasje.

Trefwurden: 
CAO aksje suvel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)