SC Hearrenfean docht lêste 100 kaarten steanfak yn ferkeap

27 jul 2016 - 13:58

De lêste hûndert kaarten foar it steanfak fan Sportklup Hearrenfean geane woansdei yn de ferkeap. Dat lit de klup op syn webside witte. De ôfrûne wiken is hurd wurke oan in útwreiding fan de steantribune.

As de hûndert kaarten ferkocht binne, betsjut dat net dat it hiele steanfak fol is. In oantal plakken is reservearre foar de losse ferkeap.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)