Bettere en ienfâldiger fersekering foar min waar

LTO Noord fynt dat der in bettere min waar fersekering komme moat foar boeren. No binne de betingsten fan sa'n fersekering tige strang. Sa moat in boer, as er skea hat troch bygelyks stjalprein, mei mjittings fan in waarstasjon oantoane dat dy bui der west hat. Wylst de waarstasjons lang net altiten yn de buert fan in pleats steane. "En hoosbuien kunnen soms heel lokaal zijn. Maar als het weerstation het niet registreert, heeft de boer geen recht op schadevergoeding", seit Alma den Hartog fan LTO Noord.
Fersekering moat simpel
Sy pleitet der dan ek foar om de fersekering simpeler te meitsjen. "We hebben te maken met steeds extremere weersomstandigheden, dus het zal steeds vaker voorkomen." Boppedat is it net allinnich ôfhinklik fan wat de boer sels docht om skea foar te kommen, seit Den Hartog. "In bepaalde gebieden heb je te maken met bodemdaling. Dat heeft ook zijn invloed op de waterafvoer. Daar kan de boer niks aan doen."
LTO Noord fynt dat alle belutsenen meielkoar om tafel moatte om in bettere oplossing te finen foar de min waar fersekering.