Jonge brânstichters moatte harren ferhaal fertelle by plysje

Brân op skoalplein © 112fryslân
Fiif jonges fan 13 en 14 jier âld út Boalsert moatte harren woansdei op it plysjeburo melde om in ferklearring ôf te lizzen oer de brân op it skoalplein juster. Dêr is brân stichte op it plein oan De Brink. Dêrby gong in boarterstastel yn flammen op. Troch de waarmte sprongen ek meardere ruten fan de skoalle.
Tsjûgen seagen in jonge op it skoalplein en joegen syn namme troch oan de plysje. Ut syn ferklearring die bliken dat der meardere jonges by de brân belutsen wienen. Sy moatte hjoed mei harren âlden op it buro komme.