UPDATE: Twadde fertochte stellerij bûtenboardmotoaren pakt

27 jul 2016 - 19:09

De plysje hat woansdei in twadde fertochte oanhâlden fan de stellerij fan bûtenboardmotoaren yn Earnewâld. It giet om in 30-jierrige Drachtster. Hy waard oppakt yn in wenning oan de De Geeuw.

Earder waard ek al in frou fan 21 jier út Drachten oanhâlden nei in wylde achterfolging. De plysje krige de melding dat de dieven yn in auto útnaaid wiene. Yn Aldegea (Smell.) seagen plysjeminsken de auto riden. Se joegen in stopteken, mar de auto ried troch. De bestjoerder rekke de macht oer it stjoer kwyt en bedarre njonken de dyk.

Twa fertochten spatten fuort, wylst se de ferwûne frou út Drachten yn de auto sitte lieten. Sy is nei it sikehûs brocht en dêr oanhâlden. Yn de auto trof de plysje twa stellen bûtenboardmotoaren oan. Ien fertochte is no noch net fûn.

Trefwurden: 
stellerij ûngelok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)