Mantelsoargers yn it sintsje setten

27 jul 2016 - 10:32

De gemeente Hearrenfean hat tiisdeitemiddei inkelde mantelsoargers yn it sintsje setten. De frijwilligers krigen in saneamde mantelsoarchpas. Hjirmei kinne mantelsoargers koarting krije op bygelyks in syktekostefersekering, in boadskippeservice, in skjinmakker, kapper oan hûs of útstapkes. Ek kinne se ien kear fergees gebrûk meitsje fan it oanbod.

Mei dizze pas wol de gemeente de mantelsoargers in teken fan wurdearring jaan. De gemeente Hearrenfean telt sa'n 6000 soarchfrijwilligers.

Sy kinne de mantelsoarchpas oanfreegje by wolwêzensorganisaasje Caleidoscoop.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)