Genôch hantekens Better As

01 maaie 2012 - 11:46

Better As komt op de aginda fan provinsjale steaten. De goedkeapere ferzje fan de nije dyk Nijegea-Dokkum wie ûnderwerp fan in boargerinisjatyf. Om it op aginda te krijen wiene 1500 hantekens nedich en der binne no 2300 hantekens sammele.

Better As is in inisjatyf fan fiif âld-steateleden dy't der spyt fan hawwe dat se earder ynstimd hawwe mei de nije dyk Sintrale As fan Nijegea nei Dokkum. De dyk kin moaier en goedkeaper, fine se.

Trefwurden: 
Better As
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)