Parkearterrein It Amelân ropt wjerstân op

27 jul 2016 - 09:50

Fjouwer ynwenners fan Hollum op It Amelân besochten tiisdei by de Ried fan Steat om de oanlis fan in parkearterrein oan de Olefrt Pieter Lapstrjitte tsjin te hâlden. De beswiermakkers tinke dat it parkearplak, mei romte foar 55 auto's, foar stank- en lûdsoerlêst soargje sil. Boppedat tinke se dat it parkearterrein gjin doel hat, om't it parkearplak oan de Jan Jacobswei meastentiids ek net fol is, sa sei advokaat Vera Platteeuw op de sitting.

Dêrneist beskuldiget Platteeuw de gemeente It Amelân fan ferbeane steatsstipe oan de inisjatyfnimmer fan it parkearterrein: Douwe Bakker. Hy is ek eigener fan de Coop-supermerk, dêr't it parkearplak njonken komme moat. Neffens de advokaat betellet Bakker te min foar de sloop fan de hierhuzen dy't der no noch steane en de oanlis fan de parkearplakken. De gemeente leit boppedat ek jild by. Op dizze wize draait de belestingbeteller op foar de wurksumheden, mient Platteeuw.

De Ried fan Steat docht oer seis oant tolve wiken útspraak.

Trefwurden: 
parkearterrein It Amelân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)