Swimmers ferkenne stedsgrêften Dokkum

Tsien swimmers fan swimklup De Graneat hawwe woansdeitejûn in ferkenningstocht hâlden troch de grêften fan Dokkum. De groep, ûnder lieding fan foarsitter Peter Horsthuis, swom de saneamde nautyske mijl fan goed 2 kilometer. Se makken de tocht om de rûte te ferkennen fan de wedstriid dy't op 4 septimber yn de stedsgrêften hâlden wurdt.
Feilichheid
It is dit jier foar de twadde kear dat de tocht hâlden wurdt. Ferline jier diene 130 minsken mei, mar dit kear hopet de organisaasje op folle mear dielnimmers. Om der wis fan te wêzen dat dat feilich kin, waard woansdei de rûte ekstra goed neirûn.