Boek Koninklijk Complot: Ungelok Diana yn sêne set

26 jul 2016 - 17:49

Prinses Diana libbet mooglik noch. Dat stelt Fryske skriuwster en ûndersykster Linda Udo fan Oranjewâld. Se hat ûndersyk dien nei it deadlik ûngelok fan de prinses yn augustus 1997 yn Parys. Oer de resultaten fan har ûndersyk hat se it boek 'Koninklijk Complot' skreaun.

Udo ferdjippe har santjin jier lang yn it ûnderwerp. Se hat hûnderten dokumintêrs, rapporten en foto's útpluze om ta in plausibele teory te kommen. Neffens Udo is it ûngelok yn augustus 1997 yn sêne set. Diana wennet op dit stuit mooglik anonym yn Amearika.

It boek sprekt sa ta de ferbylding dat in Amerikaanske regisseur der in film fan meitsje sil. De wrâldferneamde akteur Tom Cruise is by de produksje belutsen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)