Boargers Eaststellingwerf kinne appke nei gemeente stjoere

26 jul 2016 - 17:29

Ynwenners fan Eaststellingwerf kinne sûnt tiisdei fia de Whatsapp kontakt opnimme mei de gemeente. De gemeente docht dat op proef om te sjen oft der ferlet fan is. Se wolle it kontakt mei de ynwenners graach sa maklik mooglik meitsje. Nachts en yn it wykein is it ek mooglik in berjocht te stjoeren.

De Whatsapp-tsjinst is in oanfolling op de gewoane berikberheid fan de gemeente oer telefoan, post en e-mail. De fragen wurde op wurkdagen binnen fjouwer oeren beäntwurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)