Utstalling oer Fryske popikoanen op gevel Neushoorn

26 jul 2016 - 17:23

It Media Art Festival en Freeze komme yn desimber twa wiken lang mei in bysûndere tentoanstelling oer de skiednis fan de Fryske popmuzyk. Op de glêzen gevel fan poppoadium Neushoorn wurde foto's, filmkes, lûd en animaasjes fertoand fan Fryske poptalinten troch de tiid hinne. Wa't dêr allegear by hearre, moat noch bepaald wurde. Dêrfoar kinne suggestjes dien wurde op Facebook, mar der is ein augustus ek noch in diskusjejûn oer yn Neushoorn.

De tentoanstelling hjit 'Isn't it Iconic'.

Trefwurden: 
Neushoorn popikoan
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)