Mear stroomsteurings troch waarme waar

26 jul 2016 - 17:19

Troch it waarme waar fan ferline wike hawwe der de ôfrûne oardel wike mear stroomsteuringen west yn Fryslân as yn trochsneed. Seis kear sieten húshâldens yn ús provinsje sûnder elektrisiteit.

De hege temperatuer yn kombinaasje mei de drûge grûn soarget foar breukjes yn de kabelferbiningen. Dêrtroch kinne steuringen ûntstean, meldt netbehearder Liander. Dat hoecht net fuortendaliks, it kin ek wêze dat in kabel letter noch in steuring jout.

"We controleren kabels regelmatig, maar we kunnen niet alles voorkomen", seit Karen Nitschke fan Liander. "Gelukkig komt het niet heel vaak voor dat het zo warm is als afgelopen week."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)