Gjin blau-alch mear, swimme by Ljouwert kin no wer

Griene Stjer yn Ljouwert © groenesterleeuwarden.nl
De warskôging foar blau-alch yn rekreaasjegebiet De Lytse Wielen, ek wol de Griene Stjer neamd, by Ljouwert is wer foarby. It swimwetter is wer skjin genôch om yn te swimmen.
De Provinsje Fryslân makke ferline wike bekend dat yn it wetter fan de Lytse Wielen blau-alch oantroffen wie. Minsken waarden oproppen net it wetter yn te gean.