FIDEO: Drokke dei foar rondemissen begjint ier en betiid

Hoewol't de rondemissen fan de Profronde fan Surhústerfean pas tiisdeitemiddei yn aksje hoege te kommen, wiene se moarns al betiid fan 't bêd. Om acht oere sieten Kelly Janine en Chayenne al by de kapper. Dêrnei moasten se de jurken ophelje, yn de make-up en op de foto. Fan healwei twaen ôf stean de rondemissen by de start njonken in hurdfytser. En by de priisútrikking meie se de blommen oerlangje.
Kelly-Janine Bijlsma fan De Harkema en Chayenne de Kock út Gerkeskleaster hawwe missferkiezings wûn yn Nederlân. Dêrom meie se ek rondemiss wêze by de Profronde. It is foar Kelly en Chayenne de earste kear dat se soks dogge. Foar oare jier siket de organisaasje wer nije pronkfammen. Oanmelde kin op www.miss-beauty.nl/aanmelden.