Omrin makket 3,5 miljoen winst
Omrin hat yn it jier 2011 in winst makke fan 3,5 miljoen euro. De jierrekken oer ferline jier is freed goedkard troch de oandielhâldende gemeenten.
Earder waard al bekend dat de bydrage fan de gemeenten ferlege waard om't de Reststoffen Enerzjy Sintrale yn Harns mear opbringt.De ferwachting is dat it ferwurkingstaryf foar de gemeenten de kommende jierren noch fierder sakje sil.