Ilona Hoeksma wint frouljuskoers Profronde Surhústerfean

Ilona Hoeksma fan Lúkswâld is tiisdeitemiddei winner wurden fan de frouljuskoers yn de 35e Profronde fan Surhústerfean. Dat wie moai foar de Fryske hurdfytster, want de foarige twa edysjes waard se twadde. Yn de finale fan it 60 kilometer lange kritearium naaide se út mei Paulien Koster fan Dolsterhuzen, dy't se yn de einsprint hiel maklik fersloech. Iris Ton fan Waskemar kaam solo as tredde oer de einstreek.
De sprint fan it peloton waard wûn troch Anouska Koster, de Nederlânsk kampioen fan De Westereen.