Dronken op de Solex

Drank © Omrop Fryslân
In Solexrider moast yn de nacht nei keninginnedei syn rydbewiis ynleverje foar dronken riden. De bestjoerder wie ien fan de fiif minsken yn hiel Fryslân dy't trapearre waarden op riden mei tefolle drank op. It giet om fjouwer automobilisten en de bestjoerder fan in Solex.
Alle bestjoerders hawwe in proses- ferbaal krige. Sy moatte by it CBR in kursus 'Alkohol en Ferkear' dwaan en krije mooglik in alkoholslot ynboud yn 'e auto.