Friezen leverje mear tekstyl yn

© ANP
Der is yn de earste helte fan dit jier yn Fryslân rom 16 prosint mear tekstyl ynsammele as yn de earste helte fan ferline jier. Dat lit Omrin witte. Gemiddeld leverje Friezen hast fiif kilo tekstyl apart yn, mar der binne ek gemeenten dêr't dat gemiddelde op sân kilo leit. Omrin ferwachtet dat de goeie sifers yn de twadde helte fan dit jier trochsette.
Dat Friezen mear tekstyl ynleverje is in goede saak, seit Omrin. Dat betsjut nammentlik dat se harren ôffal goed skiede en der minder restôffal ferbaand hoecht te wurden. It doel is om yn 2020 op syn meast 100 kilo ôffal per Fries te ferbaarnen. No moat per Fries noch twa kear safolle ferbaarnd wurde.