Koartsluting oarsaak brân Sa Leuk Hûs Gytsjerk

Ut ûndersyk fan in forinsysk ekspert is dúdlik wurden dat koartsluting de oarsaak is fan de brân twa wiken lyn yn opfanghûs Sa Leuk Hûs yn Gytsjerk. It opfanghûs foar jonge minsken mei in beheining waard yn de nacht fan 15 july troffen troch in grutte brân dy't it wenhûs foar in grut part yn de jiske lei.
Koartsluting ûntstie yn ferjitten romte
De koartsluting yn it opfanghûs ûntstie yn in romte ûnder in ynfrareadkeamer. Dat seit Guus Tomey fan it opfanghûs. Neffens him wie it in ferjitten romte dêr't noch in âld systeem yn siet mei âlde triedden dêr't al dy jierren neat oan dien is. Der wurdt oant no ta net ien oanspraaklik steld foar de brân.
Mei de krystdagen wer klear
Op it stuit wurdt der wol alwer wurke yn it wenhûs om it klear te meitsjen foar de ferbouwing dy't nei de boufak fan start giet. Tomey hopet dat mei de krystdagen it wenhûs wer klear is. De measte bewenners binne yntusken wer werom yn de efterlizzende apparteminten dy't fierder net skansearre binne. De bewenners binne bliid dat se wer thús binne, sa seit Tomey fan Sa Leuk Hûs. It doel is dat ein dizze wike alle bewenners wer werom binne yn it opfanghûs.