Auto achterfolget razende frou

01 maaie 2012 - 10:15

Yn St. Anne is op de jûn fan keninginnedei in 31-jierrige ynwenner fan dat plak oppakt foar húslik geweld. De plysje hie in tip krige dat in frou skreauwend op strjitte rûn, mei in auto achter har oan. By de wente oankaam wie de doar fernield, sa die bliken.

Omstanners fertelden dat de man de doar stikken makke hie. Hy soe syn freondinne ek mishannele hawwe. De pysje hat de saak yn ûndersyk.

Trefwurden: 
mishanneling
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)