Tony Demelinne bliuwt by UNIS Flyers

26 jul 2016 - 11:53

Tony Demelinne hat syn kontrakt by iishockeyclub UNIS Flyers op It Hearrenfean mei ien jier ferlinge. De 28-jierrige oanfaller is oanfierder fan it team en spile ferline seizoen 39 wedstriden. Dêryn makke er 35 goals en joech er 55 assists. De UNIS Flyers draaiden in suksesfol seizoen mei winst fan de lânstitel en de beker.

Demelinne is net de ienige spiler dy't op It Hearrenfean bliuwt. Earder tekenen ûnder oaren Ronald Wurm, Marco Postma, Yan Turcotte, Mark Hoekstra, Aldo van Aalderen en Sjoerd Idzenga by.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)