Skippersportret: Douwe Azn. Visser

Alve dagen, fjirtjin skûtsjes. Mei it SKS skûtsjesilen stride fjirtjin skûtsjeskippers twa wiken lang tsjin inoar op de Fryske marren. Mar oer wa hawwe wy it dan eins en hoe pakke sy de silerij oan? Wy lizze alle skûtsjeskippers in pear fragen foar. Hjoed Douwe Azn. Visser fan it Grouster skûtsje.
Doe’t Douwe yn 2005 foar it earst oan it helmhout kaam op skûtsje It Doarp Grou waard hy fuort kampioen yn de SKS. As tarieding sylt hy yn dizze lêste wike foar de SKS alle dagen. Dochs nimt Visser de tiid om in oan oantal fan ús fragen te beäntwurdzjen.
Wat wie dyn earste taak op it skûtsje?
“Myn earste taak wie it fêsthâlden fan in lyntsje om de fokkeloete yn it each oan de efterkant fan de fok te krijen. Ik wie fyftjin en al lang bliid dat ik mei koe, mar it wie in dom putsje.”
Hokker wedstriid is dy it measte bybleaun?
“Dat binne meardere wedstriden, mar de wedstriid dy’t der boppe útstekt is doe’t wy foar de earste kear kampioen waarden mei Grou yn 2005. We striden mei trije skûtsjes op it kampioenskip: Snits, De Lemmer en Grou op in pear punten. By de earste boei lei Snits twadde of tredde en wy op it fiifde of sechde plak. Snits gong in loefduel oan mei Earnewâld en de Súdwesthoeke. Wy lieten him djipfalle en rûnen ûnder alle trije troch. By it folgjende krúsrak pakten wy Boalsert noch. Wy wûnen de wedstriid en it kampioenskip.”
Hoe makkest fan de bemanning in team?
“Us ploech is foar in grut diel al hiel lang itselde en elkenien wit wat hy dwaan moat. Fan ús bemanning farre der in oantal of se wurkje fier fuort. Yn it foarseizoen traine wy dêrom net in soad, mar sile wy wol alle wedstriden. De lêste wike foar it skûtsjesilen sile wy alle dagen. It skûtsjesilen duorret foar ús dêrom eins trije wiken. Mar wy dogge gjin teamsesjes en wurkje ek net mei in mental coach.”
Wat is dyn favorite fakânsjebestimming?
“De Fryske marren yn de simmer, alhoewol’t it skûtsjesilen net echt fakânsje is foar de skipper en syn frou. As der tiid foar is, noch twa wike op fakânsje nei de sinne om echt fakânsje te hâlden. Mar twa wike oan board fan ús seeskip as alles goed rint kin ek as fakânsje fiele.”
Sjoch foar alle skippersportretten yn ús dossier. Alles oer it skûtsjesilen is te folgjen op Omropfryslan.nl/skûtsjesilen.