Jongerein Skylge krijt skatebaan

© ANP
Skylge krijt in skatebaan. De gemeente jout 25.000 euro en ek de provinsje draacht by. Dy donearret 18.000 euro. De jeugd fan Skylge hat it plan foar de skatebaan sels betocht. As lokaasje hat de gemeente keazen foar it plak njonken it fuotbalfjild yn Midslân.
De jongerein moat sels yn de foarm fan frijwilligerswurk in bydrage leverje oan de skatebaan. Njonken skaten kin de jeugd dêr ek mei bmx-fytsen telâne.