Kollum: "Puma-jeugdtrauma"

26 jul 2016 - 10:20

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Ek presintearret er geregeld Flyers TV. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels. Ferdinand is te folgjen op Twitter.

"Ferline wike ha ik nije skuon kocht. Dat is op himsels net grut nijs, mar yn dit gefal sit der in ferhaal efter. Op de legere skoalle yn Ketlik, dy’t no al sletten is, hearske in kultuer fan knikkerjen en fuotbaljen. Knikkerje op it plein en fuotbalje op in fjildsje efter de skoalle. Fansels mei ik net beare oer mysels, mar ik koe yn beide goed meikomme. Knikkerjend besjoen ha ik in soad folle pûden mei nei Oranjewâld naam. ‘Winst,’ wie dan it iennichste dat ik sei as ik de knikkersek op de keukentafel smiet. As ik neat sei, wist mem wol dat se der better mar net nei freegje koe, want ik koe en kin ferhipte min oer myn ferlies as it op spultsjes oankomt.

De knikkerts ha ik in jier as wat lyn skonken oan de basisskoalle hjir yn Boarnburgum, mar ik leau net dat se ea brûkt binne. De direktrise dy’t doe de septer swaaide fûn net folle oan bern en hat de knikkerts grif earne delsetten dêr’t se der gjin wille fan krije soenen. Hawar, knikkerje de bern no noch wol? Wy ha de jongste al in jier as wat op it fuortset ûnderwiis en dan ferlieze je hiel fluch de bining mei de legere skoalle. Sa giet dat.

Ik koe eartiids ek knap fuotbalje. Beide teams hiene in oanfierder, ik wie der ien fan en de oare wie in jonge út Ketlik. Tegearre ha we ús oanmelden as D-pupil by de Heerenveense Boys, dat doe en no noch tsjin it spoar oan fuotballet op Sportpark De Akkers. Ik mien dat der njoggen D-teams wiene. Ik hie fansels nije fuotbalskuon krigen, merk Puma. Gjin Nike, Adidas of Le Coq Sportif, mar Puma. Ik wie der wiis mei en se sieten lekker. Wy wûnen yn it begjinjier in toernoai op De Lemmer en ik makke yn de penaltysearje in goal. Dat soe ek myn iennichste yn tsjinst fan de Boys wêze.

Ik ha nea wer it fernoegen smakke om in bal tusken de peallen te sjitten yn in offisjele wedstriid. Net dat it ferkeard gie mei myn balskopperij, hielendal net. Ik spile rjochtsheal en myn fuotbalmaat út Ketlik en ik waarden al rap fan de D7 oerhevele nei de D2. Dêr wie mear konkurrinsje en sa moast ik der hurder oan lûke om yn de startopstelling te kommen. Soms begûn ik op de bank, en dat noaske my net. Dus die ik op de trainingen ekstra myn bêst om wol yn de basis te kommen. Krekt sa as it yn de grutte fuotballerij ek gean moatte soe. Tsjintwurdich ha je dan bemuoisuchtige heiten en fûleindige memmen dy’t op hege toan ferhaal helje en in basisplak foar de nije topper yn spé opeaskje, yn myn tiid wie dat noch net oan de oarder. Wy moasten ús sels bewize.

Sa barde it op in treasteleaze, reinige en tsjustere tongersdeitejûn dat der in roemleas ein oan myn prille en ultra-koarte fuotbalkarriêre kaam is. Yn in duel om de bal krige ik in hiele hurde skop tsjin myn knibbel en dêr ha ik krekt wat te lang mei trochdraafd, tink ik efternei. Ik mocht net wer fuotbalje, sels no nei 25 jier moat ik der noch om tinke. As ik mear as tachtich kilometer fyts, fiel ik him opspyljen, as in barometer út myn ferline. Alle kearen wer even deroan herrinnere wurde dat ik de D1 en it earste fan de Heerenveense Boys net helle ha. Ik ha der behoarlik de pest oer yn hân, kocht dus ek nea wer Puma-skuon, want dêr hie ik in tsjinsin yn krigen.

Oant ik ferline wike troch omstannichheden samar ferlet fan in pear sportive skuon hie. Dochter mei, want heit moat net fan dy domme skuon keapje, der moat in jong stel eagen oer gear. Komt de dame dus mei in Puma skoech oansetten. ‘Dizze is okee. Pas mar even.’ En ja, se sieten daliks goed. Krekt sa goed as de fuotbalskuon fan 25 jier lyn. Daliks fielde ik wer dat dat merk sa goed by myn foet past. Ik ha se kocht. Foar it earst yn 25 jier wer in pear Puma’s. Binne je dan dwaande om oer je eigen jeugdtrauma hinne te stappen?"

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)