Positive reaksjes op nij suvelmerk Weideweelde

In soad boeren ha belangstelling foar it nije suvelmerk Weideweelde. Dat seit Adrian Langereis fan Noorderlandmelk. Dy ferwurket de molke. It nije merk is it inisjatyf fan it saneamde Boerengilde. Fan in ferkochte ferpakking giet twa sint nei agrarysk natuerbehear by de oansletten boeren.
Nei de yntroduksje fan it merk yn juny hawwe de earste boeren harren al melden dy't mooglik ek meidwaan wolle. Benammen by Fryske boeren is it merk yn opkomst: sân fan de tolve dielnimmende boeren komme út Fryslân.
Ferhaal efter de molke
Se moatte lykwols noch efkes wachtsje, want it suvelmerk is noch net yn alle supermerken te keap en dêrtroch is de molke dy't Weideweelde ferwurkje kin noch beheind. It Boerengilde krijt wol in soad positive reaksjes fan konsuminten op it inisjatyf. "Vooral het verhaal achter het merk, het agrarisch beheer, wordt als positief ervaren," fertelt Langereis.
Gearwurkje foar mear bekendheid
Neffens him kin Weideweelde allinnich in sukses wurde as boeren, supermerkeigeners en konsuminten gearwurkje. "Dan kan Weideweelde echt groeien." Ek de Vogelbescherming, dy't mei Weideweelde gearwurket, fiert aksje om it suvelmerk mear bekendheid te jaan.