Achtkarspelen noch net út bestjoerlike ympasse

De FNP yn Achtkarspelen is der net yn slagge in nije koälysje te foarmjen. Dat die moandeitejûn bliken op de ekstra riedsgearkomste yn it gemeentehûs yn Bûtenpost.
Allinnich Gemeentebelangen woe wol gearwurkje, mar dat smyt net in mearderheid op. It CDA nimt no it stokje oer fan de FNP. Dy partij sil sa gau mooglik in ynformateur sykje. It doel is dat dy der binnen twa dagen is. It moat in persoan wêze fan bûten de ried. It CDA hat al oanjûn dat sy mei alle partijen yn petear wolle.
It kolleezje fan Achtkarspelen foel op 14 july, neidat it fertrouwen yn alle trije wethâlders opsein waard troch de PvdA, CDA en ChristenUnie. Wethâlders Van der Veen (FNP), Postma (PvdA) en De Haan (GBA) akseptearren dy moasje.