Plysje: Pear oanhâldings

Plysje © ANP XTRA
De plysje hat mei keninginnedei moandei oerdeis en jûns ûnder oare yn Ljouwert, Snits en op It Hearrenfean ferskate minsken oanhâlden, foaral fanwege fjochterijen ûnder ynfloed fan drank. Yn Ljouwert waard ek fan it wetter ôf tafersjoch hâlden. Dêr waard by de Prinsetún in man yn in speedboat oanhâlden, omdat er gjin farbewiis hie.
Nettsjinsteande de oanhâldings wie de plysje moandeitejûn tefreden oer de fiering fan keninginnedei. Yn de rin fan tiisdei komt de plysje mei it folsleine byld oer de dei en de nacht.