Dyk op 'e Jouwer ôfsluten fanwege fandalisme en stellerij

25 jul 2016 - 17:27

Fandalisme en stellerij soargje foar ûnfeilige situaasjes oan de Haulstersingel by De Jouwer. It is sels sa slim dat de dyk sûnt dit wykein ôfsletten is, ek foar bestimmingsferkear.

De dyk wie offisjeel al in pear wiken ticht foar ferkear, mar guon bestjoerders lutsen harren dêr neat fan oan. Dat seit Angela Lolkema fan it projektburo Knooppunt Joure. Se stelle akku's út auto's of miene dat se der wol 160 kilometer yn de oere ride kinne. Buorden by de dyk wurde ek fernield. De dyk giet alhiel ticht, útsein foar fytsers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)