Befeiliger Schaaf: "Festivals binne feilich"

25 jul 2016 - 17:02

Festivals yn Nederlân binne feilich. De kontrôles binne aardich strang en tassen wurde goed neisjoen. De kâns op in oanslach binnen de poarte is lyts. Dat tinkt befeiligingsekspert Marc Schaaf fan Buro Schaaf.

It ôfrûne wykein waard Dútslân opskrikt troch in pear oanslaggen. Troch terreur kamen dêr in tsiental minsken om it libben. Schaaf wurdt geregeld ynset by de befeiliging fan grutte eveneminten.

Schaaf begrypt dat der op it stuit in soad eangst is ûnder minsken dy't op reis wolle of nei eveneminten gean. It is lykwols de fraach oft dat terjochte is, seit er. Sa falle der ek in soad deaden by ûngemakken ûnderweis nei fakânsjebestimmings. Neffens Schaaf dogge de feilichheidstsjinsten en de plysje op it stuit goed wurk.

Mar ek troch sels goed op te letten kinne minsken meihelpe mei it ferbetterjen fan de feiligens. Sa is it bygelyks fertocht as ien midden yn de simmer in grouwe jas oan hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)