Rêdingsboat mei hynders it wetter yn op Skylge

De âlde hynsterêdingsboat op Skylge © KNRM
Op Skylge wurdt tongersdei de hynsterêdingsboat nei see brocht. Mei help fan tsien of tolve Fryske hynders wurdt de rêdingsboat om healwei achten jûns oer it dún nei see brocht.
It is de earste demonstraasje fan dit jier. De organisaasje hâldt noch in slach om de earm. It is noch net wis oft it evenemint trochgiet. De lansearring is nammentlik allinnich mooglik as de weagen gjin gefaar foarmje foar de roeiers op de boat.