Dronken autobestjoerder rydt fytser oan yn Sint-Nyk

25 jul 2016 - 15:23

In 32-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean is moandei oan it begjin fan de middei oppakt om't er ûnder ynfloed achter it stjoer in oanriding feroarsake hie. De bestjoerder rekke mei syn auto in fytser op de Molewei yn Sint-Nyk.

De fytser rekke ferwûne by it ûngelok. Hoe slim oft dy ferwûnings binne, is net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)