Motorrider ferwûne nei ûngelok by De Harkema

De motor wurdt troch in berger út de groppe takele © AS Media
In 60-jierrige motorrider is sneintejûn ferwûne rekke by in iensidich ûngelok by De Harkema. De bestjoerder gie op de Blauhústerwei ûnderút en bedarre yn in drûge sleat. De helptsjinsten rieden út om help te ferlienen en in ambulânse hat de motorrider mei brutsen bonken meinaam nei it sikehûs. De motor waard troch in berger út 'e groppe takele.
It is noch net dúdlik wêrom't de motorrider fallen is.