Dikke laach slyk bedekt Harnzer strân

24 jul 2016 - 20:17

Fryslân leit oan de kust, mar je kinne yn hast gjin inkeld kustplak skjin swimme, om't je earst troch in laach slyk moatte. Dat soe oars kinne, fine de Harnzers al jierrenlang. Mei it moaie waar is de diskusje oer in moai sânstrân by Harns opnij aktueel.

Harnzer Jaap de Jong hat it plan om in bassin fan sa'n 200 by 240 meter by de Suderpier te meitsjen. By heech wetter soe der dan skjin wetter yn it bassin streame, dat standert 1,20 djip is. Minsken kinne dan by heech en leech wetter altyd feilich swimme sûnder earst troch de drek te hoegen.

Beskerme Waadsee

De gemeente Harns sjocht it probleem, mar seit dat se net samar in daam yn see bouwe kinne om it slyk tsjin te hâlden. Dat komt om't de Waadsee beskerme natuergebiet is. Dêrtroch is de gemeente bûn oan foarskriften en wetjouwing. De gemeente siket noch altyd nei in oplossing dy't in ein makket oan waadslyk op it strân fan Harns. Oant dy tiid wurdt it strân ferskate kearen yn it jier skjinmakke en ophege mei nij sân.

Trefwurden: 
Harns strân slyk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)