Sjongende dûmny fan Goutum helpt strjitbern Rio

De sjongende dûmny Gerard Rinsma fan Goutum reizget moandei nei Rio de Janeiro ôf om dêr de FavelaGames muzikaal te iepenjen. De FavelaGames binne de Olympyske Spelen foar bern út sloppewiken.
Fries om utens Robert Smits sette yn de jierren tachtich ôf nei Brazilië om dêr kânsearme bern op te fangen. Dûmny Rinsma hat al dy jierren gitaar spile en songen op strjitte om jild te sammeljen foar dit projekt. No foar it earst sil Rinsma sels nei Brazilië ta om te sjen hoe't it der dêr oan ta giet.
12.000 euro
Ferskate jongeren út de tsjerklike mienskip fan Grou-Jirnsum reizgje mei him mei. Sy hawwe 12.000 euro sammele foar it projekt en helpe ûnder oaren mei om it ferrinnewearre bernetehûs dêr op te knappen. De delegaasje komt sneon wer werom nei Fryslân.