Partoeren Steenstra en Tuinenga winne keatserij yn Huzum

24 jul 2016 - 17:11

It haadklassekeatsen yn Huzum is snein wûn troch it partoer Tjisse Steenstra, Jacob Wassenaar en Hans Wassenaar. Yn de finale waarden Johan van der Meulen, Hylke Bruinsma en Alle Jan Anema mei 5-1 en 6-0 ferslein. It tredde plak wie foar it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger.

By de froulju wie it partoer fan Tuinenga-en-dy yn de finale fierstente sterk foar it trio Rianne Vellinga, Maaike Osinga en Harmke Siegersma. Ilse Tuinenga, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra wûnen mei 5-1 6-6.

Elly Hofman, Marte Altenburg en Renske Terwisscha van Scheltinga waarden tredde. Opfallend by de manlju wie dat Hans Wassenaar nei de earste omloop ynfoel foar Cornelis Terpstra fan it partuer Steenstra, dy't blessearre de wedstriid stake moast.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)