Kop-sturtbotsing by Holwert

24 jul 2016 - 16:04

By in ûngelok op de N356 by Holwert binne sneintemiddei twa auto's swier skansearre rekke nei in kop-sturtbotsing. De bestjoerder fan de achterste auto hie net yn de gaten dat de foarste auto remme en botste der boppe-op.

In ambulânse ried út foar it ûngelok en hat beide bestjoerders ûndersocht op ferwûningen. It die bliken dat de ynsittenden fan beide auto's mei de skrik frijkaam wiene en net mei hoegden nei it sikehûs. De auto's moasten fuortsleept wurde troch in bergingsauto.

Trefwurden: 
ûngelok N356 Holwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)