Duo besiket boat te stellen út jachthaven Wâldsein

24 jul 2016 - 11:40

Twa dieven hawwe sneintemoarn besocht in boat te stellen. De twa sleepten de boat yn de haven fan Wâldsein mei harren speedboat fuort. In tsjûge seach dit en warskôge de plysje. De dieven hawwe de boat dêrnei efterlitten op de Hegemer Mar en naaiden mei hege snelheid út.

De plysje starte in grutte sykaksje en trof de speedboat krekt bûten Warkum oan. Ien fan de fertochten, in 18-jierrige frou, siet noch yn de boat. De plysje fûn de oare fertochte werom yn it reid. De frou en de 22-jierrige man, beiden út Súdwest-Fryslân, sitte noch fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)