Plysje Ljouwert pakt ynbrekker mei help fan tsjûgen

© Omrop Fryslân
Mei tank oan tsjûgen hat de plysje yn Ljouwert sneontenacht in ynbrekker oppakt yn de stêd. De man smiet yn de Leeuwerikstrjitte in rút fan in hûs yn en klom nei binnen. In tsjûge seach dit en warskôge de plysje. Doe't dy arrivearre wie de fertochte alwer útnaaid.
Meardere tsjûgen hienen de man sjoen en koenen in sinjalemint jaan. Dêrtroch koe de plysje de man efkes letter oanhâlde. It wie in 28-jierrige man sûnder fêst wenplak.