Plysje fynt fjoerwapen yn auto op it Saailân yn Ljouwert

Fjoerwapen © ANP XTRA
De plysje fan Ljouwert hat sneontemoarn in fjoerwapen oantroffen yn in auto dy't parkeard stie op it Saailân. Meiwurkers fan in hoarekagelegenheid seagen dat in rút fan de auto iepenstie en warskôgen de plysje. Om't it lease-auto wie, hawwe plysjeminsken de auto trochsocht om der achter te kommen wa't de lease-rider wie.
Doe fûnen se yn de sporttas op de achterbank fan de auto it fjoerwapen. It die bliken dat de bestjoerder fan de auto in 28-jierrige Ljouwerter wie. Hy is op it Ruterskertier oanhâlden foar ferbean wapenbesit.