Grûnruil Skylge: romte foar ûndernimmer en natuer

23 jul 2016 - 22:52

Op Skylge hat in bysûndere ruil fan grûn plakfûn. De eigeners fan paviljoen De Walvis wurde eigener fan de grûn ûnder harren bedriuw oan it Griene Strân op West-Skylge. Yn ruil dêrfoar krijt Steatsboskbehear grûn op De Grië en in einekoai. De Grië heart ta in wichtich Natura2000 gebiet. It makket ûnderdiel út fan it karakterisjearende kultuerlânskip fan Skylge mei elzesingels en einekoaien.

Troch de jierren wie it behâld en behear hjirfan tebekrûn. Dit waard noch slimmer troch de fersnippering fan it gebiet: Steatsboskbehear wie foar ientredde diel eigener fan de grûn, de rest wie fan ferskate partikulieren. Troch de oerdracht hat Steatsboskbehear no twatredde fan de grûn yn hannen en kin wurke wurde oan it werstel fan De Grië.

Trefwurden: 
De Grië Skylge
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)