Jannick de Jong wint yn Werlte

23 jul 2016 - 22:41

Jannick de Jong fan De Gordyk hat sneon mei oermacht de ynternasjonale sânbaanraces yn Werlte wûn. De regearjend Europeesk- en wrâldkampioen wûn al syn searjes en ek de finale. De Dútser Stephan Katt waard twadde, Fries om utens Dirk Fabriek tredde. Winner Jannick de Jong sette mei 102,51 kilometer in baanrekôr del.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)