Auto bedarret yn Driezumer sleat, bestjoerder is útnaaid

23 jul 2016 - 20:03

In autobestjoerder is sneontejûn fan de wei rekke en yn in sleat bedarre yn Driezum. It ûngelok barde om 19:30 oere hinne op de Achterwei. De auto kaam op 'e kop yn de sleat telâne.

Helptsjinsten, wêrûnder ek dûkers út Ljouwert waarden oproppen om help te ferlienen. Ek de brânwacht fan Damwâld en in ambulânse rieden út foar it ûngelok. Doe't de helptsjinsten oankamen op it plak fan it ûngelok, die bliken dat de bestjoerder al út syn auto rekke wie en útnaaid wie.

Trefwurden: 
auto-ûngelok Driezum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)