Auto te wetter by Teridzert

23 jul 2016 - 16:51

By Teridzert is sneontemiddei in bestjoerder mei syn bestelwein yn it wetter rekke. De bestjoerder socht nei in lokaasje om in boat yn it wetter litte te kinnen. Doe't de sjauffeur dy fûn hie, besocht er mei de automatyske fersnellingsbak achterút te riden. Omdat de fersnelling noch yn de Drive-stân stie, ried de bestjoerder foarút it wetter yn.

De man koe sels út it buske komme. In berger hat besocht de bestelwein mei in lier út it wetter te heljen. Dat slagge net. Letter sneon wurdt in gruttere bergingswein ynsetten.

Trefwurden: 
auto te wetter Teridzert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)