Busstasjon Ljouwert wurdt tydlik ferpleatst

23 jul 2016 - 16:31

Fan snein ôf moatte busreizgers yn Ljouwert op in oar plak opstappe. Der is in tydlik haadbusstasjon boud efter it âlde busstasjon. It stasjonsgebiet fan de haadstêd giet hielendal oer 'e kop. Stap ien is it âlde busstasjon slope en in nije opbouwe.

Benammen logistyk is dit in flinke operaasje. Busferkear, fytsferkear en de reizgers te foet moatte allegear te plak komme. "Dat moat natuerlik allegear feilich," seit Ynze Heitsma, projektlieder fan de gemeente Ljouwert. "En tagelyk moat der in hiel soad wurk dien wurde. Dat is noch al in puzel."

Trefwurden: 
busstasjon Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)