Pieter-Jan Postma as earste Nederlânske sporter yn Rio

23 jul 2016 - 14:18

Siler Pieter-Jan Postma fan Terkaple is as earste Nederlânske sporter ôfreizge nei it Olympyske doarp yn Rio de Janeiro. Dat meldt de NOS. Postma stapte sneontemoarn op it fleantúch. De Fries komt fan 9 augustus ôf yn aksje yn de Finn-klasse. Op 16 augustus hopet er dêr in medalje op te heljen.

Snein giet noch in grutte groep Nederlânske Olympiërs nei Rio. Turner Epke Zonderland stapt tiisdei op it fleantúch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)